De redens fan pake

14 december 2018

Foar it Fryske tydskrift foar jongerein LinKk skrea ik in ynfolferhaal oer reedriden mei in ylústere oerpake oer grutte Fryske marren nei de finish fan de Alvestêdetocht.

In gat sa grut as _____ (in planeet). Dy ferdomde fûgels! Ik ryd sa hurd, ik kin net mear remje. Noch efkes en ik glydzje it kâlde, donkere wetter yn. Mar an de râne fan it gat, fiel ik in grutte, sterke hân yn myn rêch dy’t my by it wek wei triuwt.

‘Jo wer?’ sei ik ferheard.

‘Ja, ik wit alles fan riden yn it tsjuster.’

‘Ik, wat …’

It begjint hurd te waaien. Poeierige snie wisket troch de loft. Ik bin dochs wat wurch. Hoe lang ryd ik al? In oere?

‘Ryd mar efter my oan,’ seit de man, krekt of er myn gedachten lêze kin. ‘Jimme binne it net mear went om bûten te riden. Tsjintwurdich ride jimme op glêd iis, binnendoar.’

‘Thialf bedoel jo?’

‘Ja, dat ding mei dat dak derop.’

De redens fan pake – LinKk