Wurden fan Timo

27 oktober 2020

Wolsto foar dit skoaljier it LêsNo-boek skriuwe? Dy fraach waard my steld yn maaie. Lichte stress yn ferbân mei de deadline. Mar wat bin ik bliid dat ik ja sein haw en dat Wurden fan Timo der no is. It is it yntinse ferhaal fan Nanne, in gewoane tiener, dy’t yn in ûngewoane situaasje bedarret as har broer stjert troch in ferkearsûngelok. It is krekt yn it jier dat se vmbo-eksamens dwaan moat, in oplieding kieze moat, wylst se gjin idee hat wat se wurde wol of wurde kin en ek nochris foar it earst fan har libben fereale is, fansels op in ûnberikbere jonge. In boek oer rou en freonskip en ferbining fia muzyk.

Wurden fan Timo is sa folle mear wurden as in boek. Cedin ûntwikkelt der moai lesmateriaal by. Jelle Bangma sette it liet In your Light fan Jon Allen oer nei it Frysk, Sytse Broersma makket der in prachtich liet fan: Yn dyn ljocht, sjongen troch syn dochter Lotte. En Monique Vogelsang hat it boek prachtich foarmjûn op in wize dy’t goed past by jongerein.

LêsNo
LêsNo is in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It projekt is op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk ta stân kaam yn 2015. Afûk, Cedin, Fers en Stichting Lezen wurkje mei LêsNo gear mei as doel om de lêswille by de jonge doelgroep te fergrutsjen. Skoallen kinne de boeken foar de les Frysk oanfreegje by Cedin. Mear oer LêsNo.

Wurden fan Timo, Lês no