De Nije Moanne in Leeuwarder Courant
Foar it earst yn de skiednis fan tydskrift de Moanne, is der yn gearwurking mei Keunstwurk en Taalplan Frysk in berne-edysje ferskynt. Dizze nije Moanne is in prikeljend tydskrift foar bern fan 8 oant 108 oer keunst en kultuer en taal yn Fryslân. De Nije Moanne is in tydskrift dat net fan juster is, it giet oer keunst, kultuer en taal yn Fryslân. Helje it de klasse yn!
Yn de earste edysje is neist petearen mei bern út de NT-klasse yn Sint Anne, ek omtinken oan Dolf Verroen, Yke Reeder en Lida Dijkstra, en in hiel soad oar talint út Fryslân.
It is in tydskrift wurden dat op it mêd fan ynhâld, foarmjouwing en ferdjipping fergelykber is mei de reguliere Moanne. De nije Moanne wol bern bewust serieus nimme as lêzer en as ferkenner fan syn of har omjouwing. We wolle tegearre mei de bern de wrâld fan keunst en kultuer ûnbefongen temjitte trêde. Wat sjogge sy?