Maia en har freonen

Dit is hiel spesjaal boek. Ik sil dy fertelle wêrom. It is skreaun troch Larysa Denysova. Larysa wennet yn Oekraïne, in lân yn oarloch. Har útjouwer freget útjouwers yn hiel Europa om it boek oer te setten. It jild dat de ferkeap fan it boek opsmyt, giet nei UNICEF-Oekraine, om Oekraynske bern dy’t slachtoffer binne fan dizze oarloch te helpen.

Ik mocht it oersette nei it Frysk, sadatsto it lêze kinst. Bern yn Estlân, Sweden, Finlân, Poalen, Portugal, Dútslân, Ingelân en Australië kinne it ek lêze.

Dit is gewoan in bysûnder boek, oer gewoan bysûndere bern. It giet oer dy en alle bern yn dyn klasse, oer bern fan hjir en bern fan dêr. En oer feiligens dy’t net oeral fanselssprekkend is, mar troch minsken as juf Julia de wrâld ynbrocht wurdt.

Larysa Denysenko, de skriuwster fan dit boek, is advokaat, minskerjochte-aktivist, tv- en radiosjoernalist. Se is ambassadeur fan de Feriene Naasjes om de tolerânsje yn Oekraïne te fergrutsjen.

Om bern dy’t slachtoffer binne fan de oarloch yn Oekraïne te helpen, giet de opbringst fan dit boek nei UNICEF-Oekraïne.

Net alle âlden kinne sels bern krije. De heit en mem fan Sofie en Silke koene dat net. Dus lieten se harren helpe troch dokters. Der waard in aaisel fan de suster fan harren mem brûkt, sadat Sofie de Earste en Silke berne wurde koene. En in man joech syn sperma. O, mar hy is undercover, as in echte geheime plysje! En allinne de dokters witte wa’t hy is. Juf Julia fertelde ús dat dizze minsken, dy’t oaren helpe bern te krijen, donoaren neamd wurde.

Myn namme is Maia en ik ha twa memmen. Minsken freegje harren faak ôf: hoe komt dat? Mar der is neat geks oan! Ik ha gjin heit: hy is in geheime donor. Mar myn memmen binne net geheim, se binne hiel echt. Se hâlde fan elkoar en fan my.

cheque voor UNICEF, Sipke Jan Bousema

Ut: Maia en har freonen, tekst: Larysa Denysenko, yllustraasjes: Masha Foya, oersetting: Tialda Hoogeveen. It boek is in útjefte fan alle Fryske útjouwers.