Abe en de Aardichman

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Mar al gau fernimt er dat er dêr net allinne is… in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

    Boekinfo

    Illustraties Yke Reeder
    Prijzen BIB – Biënale Bratislava 2023
    Prijzen

    White Ravens 2023
    Prijzen

    IBBY Honour List 2024

    Vormgeving Monique Vogelsang
    Uitgeverij Afûk
    Druk Derde druk april 2025
    Omslag van Abe en de Aardichman, geschreven door Tialda Hoogeveen

    Wêr is de Aardichman?

    Abe wurdt wekker fan in nuver lûd. In motor gûnzet en hy heart minsken praten. Hy springt fan ’t bêd, lûkt de gerdinen oan ’e kant en smyt it raam iepen. Blikstiender, dêr stiet dy man fan juster wer!
    ‘Ik moat mei de minygraver de tún yn’, seit de man. ‘Kin dy doar yn it stek iepen?’
    ‘Dat komt aanst wol’, seit heit. ‘Earst mar kofje.’
    De man rint achter heit en mem oan nei binnen.
    Abe sjit yn ’e klean. Hy moat wat dwaan. De Aardichman mei syn hûs net kwytreitsje. Der moat gau wat gebeure. Hy draaft de doar út.
    ‘Abe, moatsto earst net even ite?’ ropt mem him nei.
    ‘Dalik!’ ropt er oer ’t skouder. By de doar yn it stek bliuwt er stean.
    Mei syn iene hân hâldt er him fêst, mei de oare draait er de doar op slot. De kaai stoppet er yn ’e bûse. Gau rint er nei it hûs fan de Aardichman.
    ‘Ik ha de kaai, hear. Dy man komt de tún net yn!’
    It bliuwt stil.
    Abe krûpt nei binnen. ‘Aardichman?’ Hy wachtet, mar it bliuwt stil en hy sjocht neat bewegen. ‘Aardichman?!’ Neat, de Aardichman is der net mear!
    Abe draaft de hûs yn. ‘Mem, heit, de Aardichman is fuort!’
    Heit en mem sjogge elkoar oan. ‘Wa? Wat?’
    Abe sjocht om him hinne. ‘Wêr is dy nuvere man?’
    ‘Griensma? Dy hellet de minygraver op.’
    Abe hâldt de kaai yn syn bûse stiif beet.
    ‘Dy strûk moat stean bliuwe, mem!’

    Binnenwerkpagina van Abe en de Aardichman. geschreven door Tialda Hoogeveen, geillustreerd door Yke Reeder

    Abe en de Aardichman, Afûk, 2022, yllustraasjes Yke Reeder