Sichtber ûnsichtber, LinkKMyn earste Fryske gedicht ea is fuortendaliks pleatst in tydskrift LinkK!

– – – – – – – – – – – –

Mijn eerste Friese gedicht ooit is meteen geplaatst in tijdschrift LinkK!

 

 

 

 

 

Sichtber ûnsichtber

Dat grutte skoalplein oer

wêr lit ik dochs myn hannen

lâns grutte bern, sa stoer

seksy fammen, mânske mannen

 

wêr moat ik hinne

hoe moat ik rinne

troch dat grutte gebou

lang noch net fertroud

 

grut en grutsk foar de simmer

bin ik no sichtber ûnsichtber

útsein myn nije fyts

is alles oan my wer lyts

 

Mar … oer in pear jier

bin ik wer âld

en is dizze skoalle

myn fertroude wrâld

Sichtber ûnsichtber, LinkK