Gedicht yn: It grutte foarlêsboek diel 2
Myn gedicht Oer Rosa (mar mear oer Hinke) stiet yn It grutte foarlêsboek diel 2. Ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes foar bern fan 2 jier ôf. útjouwer Afûk.
Oer Rosa (mar mear oer Hinke)
Der wie ris in poppe
sa ûnsjoch as mar kin
se like net in famke
mar mear op in hin
se mocht gjin molke
iet wjirms en sie
slepte nea yn de widze
mar op in stok yn it strie
har noas wie wat puntich
har teannen skerp en lang
har hierkes wat pluzich
fan hûnen wie se bang
lêze koe se net
want blyn oan ien each
en dat lytse kopke
makke learen wat dreech
fan boartsjen mei bern
hie se gjin ferlet
oar praat as ‘pok’ en ‘tok’
hie se meastal net
it famke wie net lokkich
krige in drôve snút
mem woe graach witte
hoe krij ik har hjir út?
de oare deis kaam it antwurd
it famke waard sa bliid
doe’t se mei de hintsjes boarte
mem sei: no is ’t dyn tiid
se liet har bern op it hiem
mei de hintsjes fladderje
wjirms en spintsjes sykje
jûns in beam yn kladderje
it famke is dêr sa thús
sjoch har no ris rinnen
tefreden en sa grutsk
kreazer as alle hinnen
se hite eins fan Rosa
dat wie yn it begjin
mar dy namme paste net
se hjit no Hinke Hin